Middlemarch · bol.com prijsdaling melding

Boek

Middlemarch

Huidige prijs op bol.com (Nederland)

Maak een prijsalert aan

Ontvang een e-mail bij een prijsdaling tot onder je gewenste prijs.

€
-5% € 37,95
-10% € 35,96
-15% € 33,96

Je ontvangt een e-mail wanneer de prijs daalt.

Prijsgeschiedenis

We volgen de prijsontwikkeling van dit product op bol.com (Nederland).

Er is nog geen prijsgeschiedenis grafiek beschikbaar. Kom op een later moment terug.
Laatste update: 12 November 2026
Huidige prijs: € 39,95

Productinformatie

De roman MIDDLEMARCH. A STUDY OF PROVINCIAL LIFE fan George Eliot (skriuwersnamme fan Mary Ann Evans, 1819-1880) ferskynde yn 1871-2 en spilet yn 1829 - 1832, de tiid fan de grutte herfoarming fan de Ingelse kieswet. Dit tsjokke boek bestiet út ferskillende ferhaallinen, dy’t har konsintreare op de fraach: wat moat ik mei myn libben en hoe kin ik, tsjin de achtergrûn en mooglikheden fan de tiid, myn idealisme stal jaan? Yn it bysûnder giet it boek oer de fraach wat de rol fan de frou wêze kin en moat yn it houlik, yn in tiid dat der foar in frou amper de romte bestie foar de ûntwikkeling fan har eigen talinten. It boek iepent mei it ferhaal oer de 19-jierrige wees Dorothea Brooke, dy’t mei har jongere suster Celia bij har omke wennet, in rike lânhearre. Sij komt yn de kunde mei de toarre, pedante en folle âldere dominy Casaubon, dy’t in grutte stúdzje skriuwe wol oer de kaai ta alle mytologyen. Dorothea, dy’t earst har idealisme bod besocht hie te jaan troch der bij har omke en syn buorman op oan te stean om de earmoedige klintsjes fan har pachters te ferbetterjen en te modernisearen, tinkt dat se Casaubon helpe kin bij syn wurk, en sa op dy manier as frou heel wat betsjutte kin. As hij har in houliksoansyk docht nimt se dat oan, al binne alle oaren om har hinne derop tsjin. Al gau, lykwols, docht bliken dat dat boek noait klearkomt, feitlik net folle foarstelt, en dat har man har stipe, en al gau ek har krityk, net ferneare kin. It houlik is gjin sukses, Casaubon sukkelt mei syn sûnens, en wurdt jaloersk op syn achterneef Will Ladislaw, in beppesizzer fan in muoike fan Casaubon, dy’t ûnterve wie fanwege in houlik ûnder har stân, mar Casaubon hat Will wol ûnderholden en op syn kosten studeare litten. Hij fermoedet dat Dorothea wol foar Will fjilt. As Casaubon komt te stjerren blykt dat er Dorothea ûnterve hat yn it gefal dat se mei Will trouwe soe. In oar gefal fan in mislearre houlik is dat fan de jonge idealistise húsdokter Lydgate: syn kreaze frou Rosamond hat inkeld mar niget oan de wenstige rol fan de húsfrou, te witten deftige besites ûntfange en ôflizze, en moaie klean. Lydgate wol wat yn de medise wittenkip betsjutte, en docht thús wat eksperiminten, mar alles brekt him bij de hannen om’t ôf. Syn frou wurket him tsjin, en syn kollega’s ha in skalk each op him en syn nijmoadrige ideeën. Lydgate rakket troch har djip yn de skulden en mislearret as fernijend dokter. In oare ferhaalline is de ferkearing fan Fred Vincy en Mary Garth: Fred soe dominy wurde kinne, mar hat dêr sels gjin sin oan, wylst Mary seit dan net mei him trouwe te wollen, want sij fynt dat dat amt totaal net bij him past. Troch it hele boek hinne spilet ek noch de fraach, foaral yn ferbân mei de bankier Bulstrode, yn hoefier’t der in luchtsje sit oan syn jild. It boek MIDDLEMARCH, in fiktyf stedsje yn de midden fan Ingelân, hat in hege status yn de Ingelse literatuer. It is wol in psychologise roman neamd fanwege de djipgeande subtile analyses fan de beweechredenen fan de haadfigueren.

Toon meer

Aanbevolen producten

Bekijk ook eens deze gerelateerde producten.